Tsjerkepaed
5 juli t/m 14 september

30 augustus 2025 | 13:30
Plaats: Sint Jan

TSJERKEPAAD 2025: SNEON 5 JULY O/M SNEON 13 SEPTIMBER

Yn DEINUM mei in útstalling en wat ekstra’s
BOKSUM is alle dagen iepen en BLESSUM ek nèi de ombou

Eksposysje yn de Sint Jan fan Deinum

Yn ús tsjerken ha sa stadichoan al in hiel soad útstallings west. Wat nijs te
betinken om út te stallen wurdt dreger. Mar ek dit jier komt it wer klear
yn Deinum. Ien fan ús kommisjeleden krige de fraach foarlein: Kinsto alle
doarpen opneame fan ús gemeente Waadhoeke? Dat hie der wol oan.
Doe wie der ynienen it idee foar in tentoanstelling: wy meitsje foto’s fan
alle monumintale tsjerketuorren yn ús gemeente; de nammen komme op
kaartsjes en de besikers meie de nammen by de goede foto’s pleatse.
By de foto’s fan no sykje wy ek in ôfbylding fan lang ferlyn.

Kies jo moaiste Spreuk
Boppedat komt der in wize spreuk of siswize by de measte foto’s. Alle
besikers: gemeenteleden, doarpsgenoaten, minsken fan om utens, meie
harren moaiste spreuk útsykje en oankruse op in papier. Oer de spreuk
of siswize, dy’t it measte keazen is, sil ús pastor in preek/tsjerketsjinst
hâlde.
De Tsjerkepaadkommisje hopet dat alle gemeenteleden, doarpsgenoaten
en minsken fan om utens, mei in waarm hert foar tsjerke en sipeltoer,
dizze útstalling besjen sille.
Tsjerkepaad (Deinum)is dizze simmer alle sneonen fan 13.30 oant 17.00
oere op 5 july oant en mei 13 septimber.
De útstalling Tsjerketuorren yn Waadhoeke begjint op sneon 12 july.

Yn de Sint Jan fan Deinum ûntfange wy besikers mei in ferhaal oer de
tsjerke of wy jouwe it histoaryske ferhaal op papier. As it teetiid is kinne
besikers in bakje tee of kofje krije. Dat falt der altyd tige yn. Dêrby is
wol ferlet fan gastfroulju en/of gasthearen. Wa’t meidwaan wol en dat
noch net meld hat, kin har/him opjaan by Douwe Gerbens(058-2541570).

Vorig bericht
Volgend bericht